Personiel Bleeker ûntslein

12 jul 2011 - 12:50
  • Bleeker Bouw makket gjin trochstart

It personiel fan boubedriuw Bleeker út Boalsert krijt dien. Dat seit kurator Verdonk. It slagget him net it bedriuw in trochstart meitsje te litten, omdat der gjin keapers binne. Verdonk hat dêrom tiisdei it ûntslach foar it personiel oanfrege.

By Bleeker wurken 23 minsken. It bedriuw frege sels it fallisemint oan omdat der te min wurk is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)