Giele kaart foar feestweinen

12 jul 2011 - 12:47

As jongeren yn Dongeradiel op feestweinen noch ien kear foar oerlêst soargje krije se fan de gemeente gjin fergunning wer. De jeugd giet nei de optocht faak nei de buerdoarpen. Ofrûne wike gie it mis doe't de jeugd smoardronken op de feestweinen stie en in soad leven makke. Se smieten mei bierfleskes en pissen tsjin gevels oan en dat is ûnakseptabel gedrach.

Nei de fakânsje praat boargemaster Waanders mei alle belutsenen. Se krije dan in lêste warskôging.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)