'Olifantenkop' stellen

"De Olifantenkop"
De byldemanifestaasje ReWork 2011 yn Warkum is sneu einige. Moandeitemoarn ûntduts de organisaasje dat ien fan de bylden stellen wie. It giet om it byld 'De Olifantenkop' fan Mark Hagedorn.
De bylden waarden nachts bewaakt troch in befeiligingsbedriuw. It byld is wierskynlik stellen neidat de bewaking moarns betiid wer fuortgongen wie. De organisaasje hopet no oan de hân fan tips De Olifantenkop werom te krijen.