Stellerij troch ketsjuptrúk

12 jul 2011 - 11:10

De plysje freget minsken alert te wêzen op berôving fia in saneamde ketsjuptrúk. In 53-jierrige frou út Ljouwert waard yn de lift nei har wente oan de Jokse oansprutsen troch in man dy't sei dat der ketsjup yn har jas siet. Hy joech har tissues om de jas skjin te meitsjen.

Koart dêrnei kaam de frou derachter dat se har bankpas kwyt wie. Noch gjin 20 minuten letter wie it earste jildbedrach al opnaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)