Poging ta deaslach yn Ljouwert

De plysje hat moandeitenacht in 46-jierrige Ljouwerter oppakt foar poging ta deaslach. Nei in melding fan lûdsoerlêst wiene de plysjes nei in wenning oan de Magnoliastrjitte gien. Dêr waarden se oansprutsen troch in 28-jierrige Ljouwerter dy't de holle ûnder it bloed hie. Hy fertelde dat er oanfallen en slein wie troch in man.
De plysje koe de fertochte oanhâlde en fûn dêrby in hammer. Dêr is it slachtoffer nei alle gedachten mei slein. De fertocht is fêstsetten.