Plysje lost koperstellerij op

12 jul 2011 - 10:19

Mei de oanhâlding fan twa manlju út Snits hat de plysje 13 gefallen fan koperstellerij oplost. De twa waarden ferline wike tiisdei betrape, doe't se koperen liedings fan in stjoermêst by Dunegea stellen hiene. Se bekenden dat se dat al faker dien hiene, by stjoermêsten yn Fryslân en Drinte.

Se wiene ek belutsen by de stellerij fan de koperen tinkplaten fan it Monumint op de Ofslútdyk. Se ha ek kabels stellen by in bedriuw yn Snits en in bouplak yn Drylts. Se sitte fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)