Flinke reekwolken troch brân
Der hat tiisdeitemoarn betiid in lyts brantsje west by in bedriuw oan de Celsiuswei yn Ljouwert. Fan de sneldyk ôf wiene grutte reekwolken te sjen.
It fjoer bruts tsjin healwei fiven út. De brânwacht fan Ljouwert rukte út. It die bliken dat der in kontainer yn 'e brân stie. It fjoer soarge foar flink wat reek, mar de brânwacht hie it gau út.