Sykaksje nei drinkeling Skylge

De Brandaris krige de melding
De kustwacht hat moandeitejûn foar de kust fan Skylge mei sân rêdingsboaten socht nei in mooglike drinkeling. Tsjin njoggenen krige de Brandaris in melding dat der klean op it strân fûn wiene. Passanten melden dat dy klean der om healwei seizen ek al leine. Reden foar in grutte sykaksje, dêr't ek twa helikopters oan meidiene.
Om healwei tsienen kaam it berjocht dat der in persoan sjoen wie yn it drinkelingehúske by peal 23. De plysje fûn dêr yndied de man dy't socht waard.