Harns gasthear foar it Waad

11 jul 2011 - 21:38

Harns is op 14 septimber gasthear foar mear as 150 nasjonale, regionale en lokale bestjoerders dy te krijen hawwe mei it Waadgebiet. It giet om de Waddentoogdag, dy't ynsteld is troch de minister fan VROM en elk jier holden wurdt. Leden fan natoer- en oare organisaasjes prate ek mei oer de takomst fan it Waad en oer it jild.

It regear lûkt yn 20 jier 800 miljoen út foar it Waadgebiet. Der wurde ek kabinetsleden ferwachte op de toochdei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)