Bleker gast op Nij Bosma Zathe

11 jul 2011 - 16:56

Steatssekretaris Henk Bleker fan ekonomyske saken, lânbou en ynnovaasje wie moandeitemiddei te gast by proefbuorkerij Nij Bosma Zathe. Hy krige dêr in rûnleiding oer it kompleks dat aanst it melkfeesintrum fan Nederlân wurdt.

De proefbuorkerij wurdt ûnderdiel fan de Dairy Kampus. Der is romte foar 450 ta 500 kij en it wurdt ít sintrum foar agrarysk praktykûnderwiis. Hy krige útlis fan ûnder oaren deputearre Konst en boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)