Makkumer strânbibleteek iepen

11 jul 2011 - 16:39

De strânbibleteek fan Makkum giet dizze simmer it fyfde seizoen yn. De bibleteek giet freed wer iepen en is alle dagen iepen. Der binne 2000 boeken dy't útliend wurde kinne. Ek binne der kranten, tydskriften en stripboeken te krijen.

Omdat der in soad Dútske toeristen yn Makkum binne, is der ek in part fan de kolleksje yn it Dútsk. It lienen fan de boeken is fergees en wurket ek net mei paskes. Men kin moarns in boek helje en dat jûns werombringe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)