Miljoeneplan foar Easterwâlde

11 jul 2011 - 11:59
  • Yndustryterrein Venekoten

Eaststellingwerf komt mei in nij plan foar it âlde yndustryterrein Venekoten-Noard yn Easterwâlde. Yn stee fan dat der nije wenningen yn it gebiet boud wurde, bliuwt Venekoten-Noard no gewoan yndustryterrein. Mar wol in yndustryterrein dat opknapt wurdt.

Sa wol de gemeente de rykssubsydzje fan maksimaal 5 miljoen euro feilich stelle. It ryk hie de 5 miljoen euro al earder tasein foar in oar plan om wenningen te bouwen op Venekoten-Noard. Dat slagge úteinlik net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)