Pony op 'e rin, frou ferwûne

11 jul 2011 - 10:24

In 51-jierrige frou fan Terwispel is sneintemiddei ferwûne rekke by in ûngelok yn har wenplak. De frou siet mei har man op in wein achter in pony doe't it bist ynienen op 'e rin sloech. De twa waarden fan de wein ôf slingere.

De man kaam mei de skrik frij, syn frou rekke ferwûne oan de holle en moast mei de ambulânse nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)