Auto yn feart, mannen oppakt

De plysje hat sneintejûn yn Harns trije manlju oanholden nei in ûngelok. It giet om in 25-jierrige man út Frjentsjer, in 28-jierrige man út Tsjom en in 27-jierrige man fan Dronryp. Op de Ludingawei yn Harns wiene se mei har auto op de kop yn in sleat telâne kaam.
Neffens in tsjûge naaiden se út doe't se de plysje seagen. De plysje tinkt dat de bestjoerder dronken hie. It trio koe letter oppakt wurde. It is noch net dúdlik wa't de bestjoerder wie.