Bedriging yn Appelskea

11 jul 2011 - 10:05

De plysje hat sneintemiddei op de Vaart yn Appelskea in 50-jierrige man út dat plak oanholden foar bedriging.

In man fan 42 jier út Appelskea hie de plysje belle neidat hy en syn frou bedrige wiene troch de fertochte. Dy stie by harren tún en skold it echtpear út. Ek drige er harren wenning yn 'e brân te setten. De fertochte is fêstset op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)