Cambuur net fierder mei Danso

Sportklup Cambuur jout Erixon Danso gjin kontrakt. De oanfaller, dy't ferline jier foar de beloften fan FC Utrecht spile, trainde de ôfrûne wike mei. Hy spile ek mei tsjin VV Balk en Flevo Boys mar makke net genôch yndruk op de technyske stêf.
Trainer Henk de Jong: 'We woene him dizze wike noch meinimme op trainingskamp, om te sjen hoe't er yn de groep passe soe. Mar Erixon woe dat leaver net. Hy hope fuortendaliks in kontrakt te krijen.'