Súkses Simmer yn de Súdlannen
It fergese festival Simmer yn de Súdlannen by Ljouwert is de ôfrûne twa wykeinen goed besocht. By it strân by Techum, in nijbouwyk by Ljouwert, wiene optredens fan artysten en foarstellings fan teaterselsskip Tryater.
Mei it festival wol de organisaasje de nijbouwyk yn de skynwerpers sette. Mei elkoar kamen der fiiftûzen minsken nei it festival.