Makkumers winne aaismiten

Makkumers Andries Smink en syn maat Chris Kooistra binne sneon nasjonaal kampioen aaigoaien yn Makkum wurden. Se hellen in ôfstân fan 45 meter. It wie foar it earst dat dit kampioenskip yn Makkum holden waard.
150 pikers (goaiers) en fangers hienen har yn teams fan twa persoanen opjûn om te goaien en te fangen. Se kamen út binnen- en bûtenlân. Mear as 1500 aaien sneuvelen en guon fangers sieten derûnder. Nij wie it ûnderdiel aaigoaien mei de trebuchet.