Sulver foar Sjoerd Hamburger

10 jul 2011 - 15:24
  • Sjoerd Hamburger (argyffoto)

Roeier Sjoerd Hamburger fan Alderberkeap hat snein mei de Hollân-acht sulver helle op de wrâldbekerwedstriid yn Luzern. Lang like it derop dat de Nederlânske boat bûten it poadium farre soe, doe't Hamburger-en-dy op 1.500 meter foar de finish noch fjirde leinen.

Yn in lêste sprint passearre de Hollân-acht Amearika, Kanada en Ingelân dat tred waard. De Dútske acht wûn de wedstriid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)