Drachtster driget mei 4 messen

Yn it sikehûs Nij Smellinghe fan Drachten is sneintemoarn betiid in 41-jierrige Drachtster oanhâlden foar bedriging. Hy hie earder op de jûn yn in kroech oan de Noardkade yn Drachten fjouwer messen achter de bar weihelle. Dêrmei bedrige hy de oare besikers.
Dy wisten him te oermasterjen en de messen ôf te pakken. Dêrby rekke de 41-jierrige ferwûne en moast nei it sikehûs. De man is letter oerbrocht nei it plysjeburo. Net ien woe oanjefte dwaan tsjin de Drachtster.