Ferwûne by botsing Boazum

10 jul 2011 - 13:56

In 40-jierrige automobiliste fan Drylts is sneon ferwûne rekke by in botsing op de Froonackerdyk by Boazum. Se is oanriden troch in 48-jierrige ynwenner fan Boazum. Dy ferliende de frou gjin foarrang doe't er in krusing oerstekke woe. Helptsjinsten hawwe har út de auto helle.

De Boazumer kaam mei de skrik frij. De frou is mei ûnbekend letsel oerbrocht nei it sikehûs fan Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)