Dronrypster aktyf yn WK finale

10 jul 2011 - 11:35

Erwin Zeinstra fan Dronryp komt sneintejûn yn aksje as assistint-skiedsrjochter by de finale fan it wrâldkampioenskip fuotbaljen foar jonges ûnder de 17. De finale giet tusken gastlân Meksiko en Oerûguay.

Zeinstra moat oan de bak yn it útferkochte Azteca-stadion yn Meksiko-city der't 105.000 minsken yn kinne. Neist de Rypster is Bas Nijhuis oansteld as fjirde official. De Noar Svein Oddvar Moen liedt de finale.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)