Soad miggen deariden

Foto: Fedor Gassner
By autoritten yn Fryslân, Grinslân en Seelân wurde in soad ynsekten deariden. Dat docht bliken út de splashteller fan de universiteit fan Wageningen.
Undersikers fregen autoriders om nei in rit te tellen hoefolle deade ynsekten se op de nûmerplaat hiene. Dêrút die bliken dat autoritten dy't yn Fryslân, Grinslân en Seelân begjinne of einigje, de measte deade bisten opsmieten. It ûndersyk begûn yn maaie en giet gewoan troch.