Stellen fyts en auto werom

09 jul 2011 - 13:50

In Ljouwerter jonge (16) hat freed besocht in stellen fyts meitsje te litten. De meiwurker fan dy winkel ûntduts dat de fyts stellen wie en warskôge de plysje. Dy hâlde de jonge oan en naam him mei nei it buro. De fyts wie yn april stellen. De eigner hat syn fyts fuort ophelle.

De plysje hat freed in Ljouwerter (30) yn de stêd oanhâlden. Hy ried yn in stellen auto. De eigner seach syn auto riden en belle de plysje. De auto wie ein juny yn Hallum stellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)