Ungelok by Boazum
Op de provinsjale dyk by Boazum hat sneontemoarn in ûngelok west tusken twa persoane-auto's. In frou (40)rekke ferwûne. Sy is oerbrocht nei it sikehûs yn Snits. De brânwacht fan Mantgum waard ek ynskeakele.
Oer de oarsaak fan it ûngelok is noch neat bekend.