Oare straffen foar fuotballers

09 jul 2011 - 13:16
  • Advokaat Tjalling van der Goot

Der moatte aparte regels komme foar fuotballers dy't in swiere oertrêding meitsje op it fjild. Dêr pleitet advokaat Tjalling van der Goot foar. Syn kliïnt krige 180 oeren wurkstraf. Hy hie in sliding makke wêrby't de tsjinstanner syn skonk op twa plakken bruts. Van der Goot fynt dat yn sa'n gefal de dieder net strafrjochterlik ferfolge wurde moat foar it tabringen fan swier letsel.

De straf fan 180 oeren is de swierste oplein oan in spiler foar in oertrêding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)