Cambuur wint muoisum fan Balk

08 jul 2011 - 21:59

SC Cambuur hat freed de oefenwedstriid yn en tsjin Balk mei 4-0 wûn. Tsjin de sneons twaddeklasser makken Mark de Vries en Erik Bakker de Cambuur goals yn de earste helte. Fuort nei it skoft ferdûbelen Martijn Barto en Othman El Kabir de skoare foar de Ljouwerters.

Balk keeper Erwin Lootsma kearde yn de twadde helte twa strafskoppen fan Cambuur. Testspiler El Kabir fan FC Utrecht komt net wer yn aksje foar Cambuur, Erixon Danso krijt sneontejûn tsjin Flevo Boys noch in kâns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)