Bouwmeester achtste op EK

© Omrop Fryslân
Roelof Bouwmeester fan Warten is freed as achtste einige op it iepen Europeesk kampioenskip silen yn de Laser klasse. Yn it Finske Helsinki sylde Bouwmeester op de lêste dei nei in achtste plak yn de medaljerace, de finale fan it evenemint. Hy gong ek as achtste de finale yn.
It is al de fjirde kear dat Bouwmeester dit seizoen op de slotdei fan in wedstryd yn de medaljerace sit. Ek hat hy al in nominaasje binnen foar de Olympyske Spelen yn Londen 2012.