Jildpine Cambuur hâldt oan

08 jul 2011 - 16:06

Sportclub Cambuur is noch hieltyd net út de finansjele soargen. De skuldelêst bliuwt noch sa'n 3 miljoen euro. De likwiditeit stiet dêrmei oanhâldend ûnder druk. De ferkeap fan 700 oandielen fan 1000 euro it stik, dit jier, moet de klup lucht jaan.

Cambuur sit no noch yn kategory 1. Dat betsjut dat de lisinsje fan de profklup gefaar rint. De klup hopet dizze moanne yn kategory 2 te kommen en sa de lisinsje feilich te stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)