CDA-riedslid Amelân stapt op

08 jul 2011 - 13:40
  • Anneke Touwen

Fraksjefoarsitter Anneke Touwen fan it CDA op It Amelân ferlit fuortdalik de gemeenteried. Se is it net iens mei de yn har eagen "starre" opstelling fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Fan dualisme en iepen diskusje is yn de gemeentlike polityk gjin sprake, sa fynt se.

Opmerklik genôch makket Touwen's partij, it CDA, diel út fan dat kolleezje. Anneke Touwen is de tredde CDA-frou yn fiif jier tiid dy't út de Amelanner ried stapt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)