43 reaksjes op plan N381

08 jul 2011 - 12:01

Der binne 43 reaksjes binnenkaam op it plan foar de oanpak fan de provinsjale dyk N381, tusken Drachten en de Drintske grins. De measte reaksjes komme fan minsken dy't yn de buert fan de dyk wenje. Se ha foaral opmerkingen oer eventuele lûdsoerlêst.

It spesjale projektteam foar de N381 ferwurket de reaksjes yn in stik dat oer in pear moanne bepraat wurdt yn provinsjale steaten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)