Bettere promoasje Frjentsjer

08 jul 2011 - 11:33

Frjentsjer moat better op de kaart set wurde. Dat fine ûndernimmers út dy stêd en de gemeente Frjentsjerteradiel. Der is dêrom in stifting yn it libben roppen dy't de stêd promoate moat. Dy Stichting Ster van de Elfsteden sil him dwaande hâlde mei it organisearjen fan eveneminten en aktiviteiten yn Frjentsjer.

Spesjaal dêrfoar krijt de stifting it behear oer in ûndernimmersfûns dêr't ûnder oaren jild yn komt fan in reklamebelesting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)