Ljouwert dreamwinsk fan Ekhart

Ekhart (r) wurdt presintearre yn Ljouwert
In gefoelskwestje. Sa neamt Andries Ekhart syn oerstap nei de gemeente Ljouwert. Ekhart wie oant no ta wethâlder sosjale saken yn Súdwest-Fryslân, mar folget no Marco Florijn op yn Ljouwert.
Ekhart is hikke en tein yn de Fryske haadstêd en it wie foar him noch altyd in dreamwinsk om werom te gean. Yn 1985 is er nei Snits ta te wenjen gien en sûnt 2002 is er dêr wethâlder. Neffens Ekhart wie it troch dy lange perioade yn Snits in dreech beslút.