Brân pleats Ypecolsgea

08 jul 2011 - 06:24

By in brân tongersdeitenacht yn Ypekolsgea is in leechsteande pleats folslein ferlern gien. Hoe't it fjoer ûntstean koe, is noch net bekend. De earste melding fan de brân kaam kertier foar fjouweren binnen by de brânwacht. De korpsen fan Balk, Wâldsein, De Jouwer en Snits waarden oproppen om it fjoer te bestriden.

De dyk tusken Balk en Wâldsein waard troch de plysje ôfsletten om de brânwacht de romte te jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)