Ferkeap Bloemketerp rûn

07 jul 2011 - 21:42

De folsleine gemeenteried fan Frjentsjerteradiel is tongersdei akkoart gongen mei de ferkeap fan swimbad Bloemketerp. Nije eigner is de Stichting Zwembad Bloemketerp In Oprichting. Earder drige it swimbad folslein te sluten, mar mei dizze ferkeap is dat foarkaam.

De stichting betellet twa ton foar Bloemketerp, mar lient dat jild fan de gemeente. Frjentsjerteradiel jout de nije behearder ek nochris yn lytse 380.000 euro mei as startsubsydzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)