"Rjochter begrypt it net"

De gemeente Dongeradiel giet yn berop tsjin it beslút fan de rjochtbank oer it teater DOK18 yn Dokkum. De gemeente sei it hierkontrakt mei de eigner op, mar neffens de rjochter hie dat sa net moatten. De gemeente moat fan de rjochter de achterstallige hier en in foarskot op in skeafergoeding betelje.
De gemeente neamt dy útspraak ûnbegryplik en wol yn in spoedproseduere in nije útspraak. De rjochter soe him fersjoen ha op de yngewikkelde saak, sa seit de gemeente.