Gasput Eanjum skjinmakke

07 jul 2011 - 19:56

Ien fan de fjouwer gaswinputten by Eanjum wurdt yn de kommende wiken skjinmakke. Neffens de NAM is it boargat fol rekke mei sân. Dêrtroch is it folle dreger wurden om gas nei boppen te heljen. De put sil skjinspuite wurde mei wetter.

Dat soarget wol foar wat mear oerlêst by de put. Sa sil der goed 20 kear in frachtauto nei de winlokaasje ta moatte en wurdt der ekstra gas ôffakkele. It wurk duorret al mei al trije wike.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)