Westra opnij goed yn Tour

Lieuwe Westra opnij goed
Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje hat him ek yn de sechsde etappe fan de Tour de France lange tiid fan foaren sjen litten. Hy ried it grutste part fan de dei yn in kopgroep fan fiif. Op in bepaald stuit wie de foarsprong fan de groep fan Westra mear as tsien minuten. Yn de slotfaze fan de wedstriid ûntsnapte Westra tegearre mei in Italiaanske hurdfytser út de kopgroep. Op it lêst waarden se dochs wer ynhelle troch it peleton.