Sanearring Mildaam uteinsetten

07 jul 2011 - 18:19
  • De ynstallaasje dy't lucht yn de grûn pompt
  • De iepeningshanneling troch deputearre Galema en wethâlder Siebenga fan Hearrenfean

Yn Mildaam is tongersdei de grutte sanearring úteinset fan wat earder in smidderij en tankstasjon wie. Der sit dêr benzine yn de grûn en dy moat der troch baktearjes úthelle wurde. Ofgrave kin eins net omdat der huzen stean en tunen lizze.

It giet om ûngefear 1000 m2. Om de sanearring wurkje te litten, wurdt der skjinne lucht ynpompt en de fersmoarge lucht der wer úthelle. Al mei al kostet it sa'n 800.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)