Wyldemerk definityf ticht

07 jul 2011 - 16:20

Nei trije jier is Campus Wyldemerk definityf ticht. De learlingen wiene tongersdei foar it lêst op de campus. Yn de Wyldemerk waarden fjirtich probleemjongeren opfongen. De Campus dêr't se sân dagen wyks en 24 oeren deis wennen en nei skoalle giene, wie foar har de lêste kâns op in diploma.

Trije jier ferlyn starte de campus. Om't der minder animo wie as ferwachte wiene der finansjele tekoarten. It kabinet hie gjin ekstra jild foar de skoalle en dus moast de stekker derút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)