Oplichter oppakt

07 jul 2011 - 12:15

In 40-jierrige man út Achtkarspelen wurdt fertocht fan oplichting. De man soe ûnder oare auto's ferkocht hawwe, mar dy nei in oanbetelling net levere ha. Ek soe er bemiddele ha by autoferkeapen, wêrby't de ferkeaper gjin jild krige foar de ferkeap, mar de auto ek net werom seach.

Sûnt 2009 binne seis oanjeften tsjin him dien. De Bovenregionale Recherche Noord- en Oost-Nederland hat de man tiisdeitejûn oanhâlden, yn gearwurking mei de Fryske plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)