Taptoe djoerder troch btw

Hiel wat teaterfoarstellings en konserten hawwe te krijen mei de btw-ferheging fan 6 nei 19 persint op tagongskaartsjes. Dat jildt ek foar Taptoe Ljouwert. Foar de 38ste edysje op sneon 8 oktober betsjut dat djoerdere kaartsjes. Elke besiker betellet 2 euro mear. Foar in kaartsje op de haadtribune bygelyks moat dan 21 euro 50 betelle wurde.
Taptoe Ljouwert is útgroeid ta in jûn fan ynternasjonale alluere mei mear as allinnich wat showoptredens.