Slingerjend oer de A7

07 jul 2011 - 10:26

De plysje hat woansdei it rydbewiis fan in 77-jierrige man út Wilhelminaoord ynfoardere, fanwege gefaarlik rydgedrach. In motorplysje seach de man al slingerjend oer de A7 by It Hearrenfean riden. Hy ried mar sa'n 50 kilometer yn 'e oere.

De plysje sette de man oan de kant. Fanwege de alkohollucht moast de bestjoerder mei nei it buro. Dêr die bliken dat er tefolle dronken hie. It CBR sil beoardielje oft de man syn rydbewiis werom krijt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)