Hynder op 'e rin op Skylge

In 23-jierrige frou út Utrecht is woansdei ferwûne rekke op it strân fan Skylge. De frou wie mei hynder en wein op it strân om iisko's te ferkeapjen. Troch ûnbekende oarsaak gie it hynder op 'e rin.
De frou foel dêrtroch fan de karre en rekke ferwûne oan knibbel en skouder. Se is mei de ambulânse nei de húsartsepost op it eilân brocht om behannele te wurden. It hynder koe troch omstanners kalmearre wurde.