Pieter Weening nei GreenEdge

Hurdfyter Pieter Weening fan De Harkema krijt nei alle gedachten in twajierrich kontrakt by de nije Australyske hurdfytsploech GreenEdge. Dat meldt De Telegraaf tongersdei.
Woansdei waard bekend dat Weening nei dit seizoen ôfskied nimt fan de Rabobank, omdat er ta is oan in nije útdaging. Weening sit sûnt 1999 by de Rabobankploech, earst yn oplieding, sûnt 2004 as berops. Weening soe de tredde Nederlanner wêze dy't nei de GreenEdgeploech giet.