Wenningstichting warskôget

Wenningstichting Wonen Noordwest Friesland yn Sint Anne warskôget syn hierders net yn see te gean mei minsken dy't oan de doar har tsjinsten oanbiede. It giet dan ûnder oare om minsken dy't tsjin betelling skilderwurk of oar ûnderhâld oan it hûs dwaan wolle.
De wenningstichting hat de ôfrûne tiid in tal reaksjes hân fan hierders dy't sa'n oanbod krigen. Wonen Noordwest Friesland seit dêr gjin opdracht foar jûn te hawwen.