Klaas Jansma hâldt der mei op

06 jul 2011 - 14:10
  • Klaas Jansma yn aksje

Klaas Jansma hâldt oer trije jier op as skûtsjeferslachjouwer. Yn de simmer fan 2014 sil er foar de lêste kear meidraaie. Jansma docht al sûnt 1976 ferslach fan it skûtsjesilen op Omrop Fryslân-radio. Dêrfoar folge er it skûtsjesilen ek al trije jier foar it Frysk Deiblêd.

Jansma wurdt yn 2014 64 jier en dat fynt er in moai momint om der mei op te hâlden. Neffens him wurdt it tiid foar in jongere kommentator, ek om't it skûtsjesilen hieltyd mear feroaret.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)