WMO moat dúdliker

De riedsseal fan Eaststellingwerf
De WMO-ried yn Eaststellingwerf moat ôfspraken meitsje oer taken en ferantwurdelikheden. De gemeenteried moat ek better kontrolearje wat de rissultaten fan it belied binne. Dit seit de rekkenkeamerkommisje.
Doel fan it ûndersyk is om te sjen hoe't de útfiering fan de WMO yn de gemeente dien wurdt. De rekkenkeamer fynt dat de kosten better sichtber makke wurde moatte foar de ried. De ynformaasjefoarsjenning nei de boargers ta kin ek better.