Besunigings by brânwacht

06 jul 2011 - 12:45

De Fryske boargemasters prate woansdei oer de wizigingsplannen by de brânwacht. Troch de oanrydtiden te fersoepeljen kinne der yn Fryslân sân oant njoggen kazernes ticht. Dat smyt in flinke besparring op.

De oanrydtiden kinne yn Fryslân langer wêze as lanlik, omdat der yn Fryslân minder minsken wenje. Woansdei prate de Fryske boargemasters oer it foarstel, letter dit jier nimme se der in beslút oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)