Miljoene-oplichters oanhâlden

It resjerzjeteam noard- en east Nederlân hat fjouwer fertochten oanhâlden foar fertsjustering en oplichting. It giet om in grutte belizzingsfraudesaak. Dupearren binne foar 2 miljoen euro oplichte. Ien fan de dupearren komt út Snits.
Dupearren waarden oerhelle om û.o. de oerwearde fan har hûs te ynvestearjen yn ûnreplik guod yn binnen- en bûtenlân. It earste jier waard neffens ôfspraak útbetelle, mar dêrnei ha se gjin sint mear sjoen.